Fuort mei de brol.

Bydrage fan Sake van der Meer oer de plannen fan in biofergister yn Koatstertille

As FNP Achtkarspelen fine we de leefberens yn de doarpen hiel belangryk.

Wy stribje der nei dat de ynwenners libje kinne yn in feilige en sûne omjouwing.

No en yn de takomst. Duorsumens heart dêr ek by.

Hjir driget it lykwols falikant ferkeard te gean yn ús gemeente. Op de Westkern yn Koatstertille, driget in Mega Biofergister te kommen. Mega want hy hat in hiele grutte kapasiteit. Wy ha , oan de hân fan gegevens fan de projectûntwikkelder, útrekkene dat der per dei 288 ton guod yn moat. Dat is de helte dong en de oare helte byg. bermgers en heakkelsiedden.

Yn it noarden is gjin mestoerskot mear. Dat dy protten mest moatte fan fierrens oanfierd wurde. Ek it oare guod, kinne we hjir net byelkoar swylje. Der bliuwt in grut percentage restmateriaal oer. Dat kin , as it net fersmoarge is, as keunstmest brûkt wurde. Ek dat moat earne oars hinne brocht wurde. Sadwaande ride der deis sa’n 18 frachtauto’s mei dong en oar stjonkend guod troch it doarp.

Hoe duorsum is dat ?

Der wurdt biogas makke. Dat sil levere wurde oan de gasunie. Sadwaande komt der in tredde bewurking fan gas op dizze lokaasje.

Fanwege it gasmengstation no al it gefaarlikste plak yn de wide omkriten.

Der binne by de deskundigen ( universiteit Wageningen, Minesterie v Volksgezondheid, Nederlânske en Dútse professoren)  grutte fraachtekens by de feiligheid fan grutte biofergisters. Der gebeure faak ûngelokken. In grut gefaar is it ûntsnappen fan giftich gas. Wat noch nea ûndersocht is, is de kombinaasje mei in gasmengstasjon. Wat as der in kettingreaksje komt ?

Binnen 300 meter wurkje deis hunderten minsken, by de Stertil. Krekt fierder noch ris safolle by de Biddle. Twa moaie bedriuwen. Mei soarch foar har wurknimmers. Soene dy har minsken bleatstelle wolle oan dit gefaar ? Wat as se dêrom fuort geane? Hoesa wurkgelegenheid?

By Westewyn sit it hiele doarp ûnder de stank en de mooglik kwalike rook fan dizze grutte fergister. Tûzenden minsken. Âld en jong. It is bekend dat minsken dy’t flak by in fergister wenje, faak klachten mei har sûnens krije. Hoesa leefberens ?

In Biofergister is yn feite neat oars as in “vuilverwerker”. En dêr sit him de oast: Der komt dong yn, fan omfierrens, én noch wat oars. Der is in list fan wat der wol yn mei en wat net. Krekt dit byprodukt kin foar gefaarlike sitewaasjes soargje. Giftige gassen, eksploasje gefaar. Alle rapporten joue oan dat it hast net te kontrolearjen is, wat der yn komt. It ferwurkjen fan ferbean ôffal kin lykwols hiel lukratyf wêze.

In biofergister kin net sûnder subsydzje. Yn Nederlân krije alinne hiele grutte fergisters subsydzje. Dan ha we it oer miljoenen en miljoenen. De fergister op de Westkern kriget krapoan 62 miljoen euro subsydzje. Jild fan ús meielkoar. Foar ” etalage” griene enerzjy. Want yn it noarden is in biofergister nét grien.

As FNP fine we duorsumens belangryk. Mar net as it oer de rêgen giet fan ús ynwenners. As it ten koste giet fan har sûnens, har feiligheid en har wolwêzen, dan binne we hiel ferkeard dwaande!  De hiele ried hat unanym in moasje yntsjinne wêryn om dúdlikheid frege wurd.  Wy as FNP roppe  it kolleezje op har ferantwurdlikens te nimmen. Wês wiis : fuort mei de brol !  

De Bydrage fan

Sake van der Meer yn de Feanster oer de biofergister.

FNP fraksje Achtkarspelen    

Bron: FNP Nijs